Sûnens

Der is neat sa teloarstellend dan in fakânsje dy't bedoarn wurdt omdat jo jo reis ôfbrekke moatte of in skoft op bêd of yn it sikenhûs trochbringe moatte troch in sykte of in blessuere. Mei in goede tarieding is it risiko op sokke senario's ta in minimum te beheinen. As jo twifels ha oer jo sûnens of mooglik bysûndere foarsoarchmaatregels en de kwaliteit fan de medyske stân yn it lân wêr't jo hinne wolle, nim dan foardat jo fuortgeane kontakt op mei jo hûsarts foar in persoanlik advys.


Ynfeksjesykten

Hjir is in list mei inkelde algemiene ynfeksjesykten. Troch op in link te klikken treffe jo mear ynformaasje oan en in list fan lannen wer't in ferhege risiko op dizze sykten bestiet. Foar in oersjoch foar jo bestimming, sykje it lân op en sjoch by 'praktyske ynformaasje'.